Radio Gasterlan is tige ynnommen mei in nij 'ald' programma.

.
POMPEBLÊDEN mei Romke
De efterlizzende gedachte efter it programma is it feit dat der net folle stjoerders binne dy't Frysktalige ferskes bringe.Omrop Fryslân docht der de leste jierren aloan mear oan mar dochs hearre jo bij Romke in protte ferskes dy't noait op oare stjoerders draaid wurde. Op sommige lokale stjoerders wurd troch de programmamakkers Hollânsk praat. Der docht dizze presintator dus net oan mei.Lokaal is lokaal en yn de Súdwesthoek wurd foaral Frysk praat. Neist de Frysktalige komme der ek gauris wat Grunneger en Drintske ferskes foarby. Derneist wolris in regionaal gedicht,nijtsjes en wurdt de aginda neigien mei manifestaasjes wêryn muzyk brocht wurd dy ek yn it programma past.
Dus beslist gjin “pop” jûnen. Regionaal talint kriget kânsen as hja mei harren muzyk nei de studio komme of middels in mailtsje oanbiede. It programma is altyd wer oars en wurdt pas gearstald op it momint fan útstjoering.Meastal binne ynfloeden merkber fan it waar, in feest of tryste foarfallen yn syn wengebiet. Desimber is de Krystmoanne en dat is goed merkber oan de dan draaide krystmuzyk.De muzyk bij Romke hat foar “elts wat wils” en grif foar jo ek.
Hawwe jo it programma fersitten dan is it noch 14 dagen dernei te belústerjen fanôf syn website www.de-frisiana.nl.
Jo kinne der ek in protte oare ynformaasje fine oer Romke yn de Frisiana pirate tiid.

Dus harkje mei op de lokale radio fan Gasterlân
************************************************************** omheech

